Skippen op see ferlieze lading
Plysje / Justysje 16-10-2009 | 14:16
« foarige | folgjende »
Troch de stoarmeftige wyn hawwe op 'e Noardsee boppe Skylge freed twa skippen lading ferlern. Freedtemoarn binne 15 kilometer noardlik fan it eilân 10 konteners oerboard slein fan it skip Dirhari. Wat der yn sit kin de Kustwacht noch net sizze, mar wol dat it net om gefaarlike stoffen giet.
It skip wie ûnderweis fan Rotterdam nei Skandinavië. Ien fan de konteners is troch in keapfardijskip lokalisearre, de oaren binne mooglik sonken.
It skip Ivita hat freedtemiddei 50 pakken hout fan 4 kúb it stik ferlern. Dat barde 80 kilometer boppe Skylge. De Kustwacht tinkt dat dat hout mooglik op de eilannen oanspiele sil. (omrop fryslân)
samengevat: geen gevaarlijke stoffen volgens de kustwacht. Vreemd dat ze dat wel weten, maar niet weten wat er nu wel in zit.
Quote selectie