Voor wie 't lezen kan.:)
Er is dus gewaarschuwd, als er daarover weer willen hebben?;)
Omrop Fryslân, Janko de Vries
31 augustus, 2012 - 09:52
De plysje warskôget ferkearsdielnimmers rekken te hâlden mei de grutte protten wetter dy't rûnom yn de provinsje op 'e dyk lizze. Dy kinne gefaarlike sitewaasjes opsmite.
Op ferskate plakken hawwe freedtemoarn ûngelokken west. Oft dy mei it wetter en it minne waar te krijen hawwe, is noch net dúdlik. Under oare by Breesândyk, Surch en Tsjalbert rekken minsken ferwûne.
&
Wetteroerlêst yn de provinsje
Omrop Fryslân, Janko de Vries
31 augustus, 2012 - 06:30
Flinke buien hawwe freedtemoarn betiid op ferskate plakken yn Fryslân ek noch foar wetteroerlêst soarge. Yn St. Anne waren de Kempenaerstrjitte en soarchsintrum Het Bildt troffen. De GGZ op It Hearrenfean en de Camperstrjitte yn Ljouwert hiene ek te kampen mei tefolle wetter. De brânwacht is op alle plakken ynset om it orobleem op te lossen.
Tongersdeitemiddei wie der ek al wetteroerlêst yn Seisbierrum, Harns en Tsjummearum troch swiere buien.
Wetterskip pompt ekstra
Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
31 augustus, 2012 - 09:02
Wetterskip Fryslân hat sûnt tongersdeitejûn maatregels naam yn Noardwest-Fryslân fanwege wetteroerlêst. Troch in soad reinwetter justermiddei, justerjûn en fan 'e moarn draaie de gemalen by Roptasyl en Swarte Hoanne folop om it wetter fia it Waad ôf te fieren.
Yn leechlizzende gebieten stiet it wetter in meter heger as normaal. Der binne op ferskate plakken needpompen ynset. It is noch net dúdlik wannear't it wetterpeil wer normaal wêze sil.
Quote selectie